Kameratafersjoch âld-en-nij

22 des 2009 - 15:52

Mei âld en nij komme der kamera's yn Achtkarspelen en Kollumerlân. Dy moatte foarkomme dat it yn dy gemeenten út 'e hân rint by de jierwiksel. Ferline jier wie dêr ek al kameratafersjoch. De kamera's hingje op plakken dêr't ferline jier oerlêst wie. It giet dan om it terrein oan de Rooilijn yn Surhústerfean en in pear strjitten yn Koatstertille.

Dêrneist komme der ek kamera's op ambulânses en brânwachtauto's, en by de feesttinte yn Surhústerfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)