Medisinen yn Ljouwert ferlern
In man yn Ljouwert hat tiisdeitemiddei tusken healwei ienen en ien oere medisinen ferlern tusken de apteek yn Bilgaard en opfanghûs De Terp. It giet om in fjouwertal soarten medisinen. De medisinen kinne skealik wêze by ynnimmen.
De plysje ropt minsken op dy't de medisinen fine of fûn hawwe, om kontakt op te nimmen mei de plysje.