Undersyk wedstryd Oss-Cambuur

Nei de fraach oft de wedstryd tusken FC Oss en Cambuur yn de earste divyzje ferkocht is oan in Sineesk goksyndikaat wurdt ûndersyk dien.
It blêd Voetbal International die ûndersyk nei de ynfloed fan sokke goksyndikaten op it fuotbal yn Nederlân en stjoerde in ferslachjouwer nei Azië. Dy ferslachjouwer seit dat Oss-Cambuur foar 30.000 euro kocht is troch de Sinezen. In wurdfierder fan de KNVB seit dat de gegevens fuortdalik trochspile binne oan de UEFA.