Hússmoargens wer ophelle
De hússmoargens yn de gemeente Smellingerlân wurdt wer gewoan neffens plan ophelle. De gemeente freget ynwenners wol om de konteners en de plestik pûden foar de ynsamling fan plestik op in tagonklik plak del te lizzen.
De smoargens dat de ôfrûne dagen lizzen bleaun is, is ek al wer ophelle. Losse pûden mei smoargens wurde net meinaam.