Soad mantelsoarch-kompliminten

Dit jier binne 559 mantelsoarch-kompliminten útdield yn de acht gemeenten yn Súdwest Fryslân. It komplimint is in wurdearring foar it ûnbetelle en faak swiere wurk dat mantelsoargers dogge. De gemeenten yn Súdwest Fryslân woene dit jier de moantelsoargers yn it sintsje sette. Dêrfoar koe in kadobon oanfrege wurde.
Steatssekretaris Bussemaker hat yn oktober yn Drylts it earste komplimint útdield. It mantelsoarchkomplimint kin takom jier net mear oanfrege wurde.