Earste reis fearboat Spathoek

30 mrt 2012 - 09:40

De Eigen Veerdienst Terschelling (EVT) hat freed foar it earst fearn mei it nije skip De Spathoek. Om healwei sânen wie de earste ôffeart fanút Harns nei Skylge. Op De Spathoek is ynearsten plak foar 400 minsken, letter kin dat der noch mear wurde. De EVT hie ferline jier al farre wollen, mar de ynspeksje fan Ferkear en Wettersteat fûn de rêdingsflotten net feilich genôch. Dy binne no ferfongen. In oertocht mei de EVT is 20 persint goedkeaper as mei Doeksen. De reizgers binne der bliid mei.

De nije fearboat ferfangt it skip De Stortemelk.

De nije fearboat fart simmerdeis trije kear op en del fan Harns nei Skylge en winterdeis twa kear.

Trefwurden: 
Skylge EVT Spathoek Stortemelk
(advertinsje)