Wachtlist Jeugdhelp fuortwurke

22 des 2009 - 11:01

Jeughulp Fryslân hat op 1 jannewaris alle wachtlisten fuortwurke. Dat komt troch flugger yn te spyljen op de soarchfraach en in oanbod fan mear foarmen fan soarch. Op it hichtepunt moasten sa'n santich bern langer as njoggen wike wachtsje op soarch.

Mei-elkoar binne by Jeugdhulp Fryslân dit jier krapoan 3000 bern holpen. De organisaasje makket him wol soargen oer de takomst. It Ryk moat besunigje. Jeughulp Fryslân sil syn bêst dwaan om de kwaliteit fan no fêst te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)