Ferwûnen by stekpartij

22 des 2009 - 10:32

Fjouwer minsken binne moandei op it Noordvliet yn Ljouwert oanhâlden omdat se behelle west hiene yn in fjochtpartij. In man út Ljouwert hie in man út Berltsum mei in mes bedrige. Der ûntstie in fjochtpartij, dêr't noch in man út de stêd ynbehelle rekke. Twa fan de trije rûnen stekwûnen op.

It mes waard úteinlik ôfpakt en oan in frou jûn dy't ek by it selskip hearde. De plysje hat alle fjouwer minsken oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)