Besunigings Dongeradiel skrast

Dongeradiel sil de helte minder besunigje op de muzykskoalle en hielendal net op de biblioteek. Ek besunigings op it maatskiplik wurk en de Lauwerspas binne moandei troch de ried weromdraaid.
Yn totaal giet it om sa'n trije ton. Om dat jild dochs binnen te heljen wurdt noch ris twa ton besparre op persoaniel. De rest fan it jild moat komme út gearwurking mei de njokkenlizzende gemeenten en út iepenbiere ferljochting.