Gjin kampioenskip belslydzjen

22 des 2009 - 09:22

Yn Surhústerfean soe woansdeitemiddei it iepen Frysk Kampioenskip belslydjeien hâlden wurde. De lêste kear dat dat koe yn Surhústerfean is tweintich jier lyn. De ôfrûne dagen hawwe in soad minsken deroan wurke om de sniepyste klear te krijen.

De organisaasje ferwachte in stik of tweintich dielnimmers. Der soe belslydjage wurde op in baan oan de Vierhuisterweg yn Surhústerfean. Mar fanwege ynfallend teiwaar hat de organisaasje it evenemint skrast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)