Geiten Zevenhuizen romme

22 des 2009 - 09:11

De geitehâlderij fan Peter van der Wal fan Sânhuzen yn Grinslân wurdt woansdei foar in part romme. Dat hat boargemaster Hoekstra moandeitejûn bekend makke by in gearkomste oer de Q-koarts. It giet om de drachtige geiten. Ek de bokken wurde romme om't dy mei har sperma de Q-koarts oerbringe kinne.

By Van der Wal giet it om de helte fan syn bedriuw. De oare geiten wurde yninte. It bedriuw fan Van der Wal wurdt woansdei hermetysk ôfsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)