Fryske wegen ridlik goed
De Fryske wegen binne tiisdeitemoarn ridlik goed te beriden. Wol wurdt it advys jûn om op rykswegen safolle mooglik gebrûk te meitsjen fan de rjochterrydstrook. Fierders kinne op- en ôfritten en in grut tal lytsere wegen noch glêd wêze.
Yn de nacht fan moandei op tiisdei is der noch sa'n twa oant trije sentimeter snie fallen. Der is dan ek de hiele nacht drok wurke om dizze snie wer fan de dyk te krijen.