Bussen ride wer

De bussen fan QBuzz ride wer safolle mooglik neffens de tsjinstregeling. De busmaatskippij koe moandeitejûn en tiisdeitemoarn betiid net ride yn ferbân mei it opfriezen fan de diken en ferskate sniebuien. Op in tal plakken kin noch wat fertraging wêze, omdat de bussen muoite hawwe by in halte te kommen.
De bussen fan Connexxion ride ek neffens de tsjinstregeling. De treinen fan Arriva yn Fryslân ride ek tiisdei mar ien kear yn de oere.