Drokte autoskeabedriuwen

De skea nei in botsing mei de fangrail
Snie en froast soargje foar ekstra drokte by autoskeabedriuwen. Aardich wat autoriders rekken de ôfrûne dagen yn de slip op de Fryske diken, mei in soad blikskea ta gefolch.
Guon autoskeabedriuwen krije alle dagen trije oant fiif ekstra auto's mei skea binnen. En dy skea is ek folle grutter as oars. Gewoanwei hawwe de auto's gemiddeld tusken de 1200 en 1500 euro skea, no is dat yn trochsneed sa'n 4000 oant 5000 euro.