Tryater Europa yn

De kâns is grut dat teaterselskip Tryater yn 2011 op toernee giet troch Europa. Der wurdt mei tweintich ferskate teaterfestivals ûnderhannele oer it opfieren fan de foarstelling Master en Margerita. Dy foarstelling giet kommende simmer yn premjêre op Oerol. De toernee yn it bûtenlân it jier dêrop wurdt mei help fan de Oerolorganisaasje opsetten.
Wêr't krekt optreden wurde sil en hoefolle optredens der krekt komme wurdt pas nei dizze simmer bekend.