Mear toeristen Aldebiltsyl

21 des 2009 - 21:44

Aldebiltsyl is der hielendal klear foar om de toeristyske lokaasje te wurden dan It Bilt. Doarpsbelang hat in oanfalsplan presintearre om safolle mooglik toeristen nei de 'Poort fan It Bilt' te lûken. Doel is om boatsjeminsken dy't de Noardlike âlvestêderûte farre ek troch it doarp gean te litten.

Om se fêst te hâlden moat der in jachthaven komme mei acht trekkershutten om yn te sliepen. Ek moatte der fytspaden komme.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)