SRF Harns jout seis man dien

Reparaasjewurk yn 'e skipsbou wurdt útsteld, sa fernimme se by de SRF
Dat der troch de krisis minder skippen boud wurde fernimt ek Scheepsreparatie Friesland SRF yn Harns. By it bedriuw moatte seis fan de 24 meiwurkers fuort. Trije fan harren binne fêste personielsleden, de oaren wurkje as zzp'er of útstjoerkrêft.
SRF hat te min wurk foar de meiwurkers omdat in tal opdrachten útsteld is fanwege de krisis. SRF is spesjalisearre yn werbou, restauraasje en nijbou fan tradisjonele skippen. It bedriuw hie yn 2008 25 % minder omset.