Grêfstiennen yn tsjerke Raerd

In grutte ferrassing by de restauraasje fan de tsjerke fan Raerd. Under de flier binne njoggen grêfstiennen ûntdutsen. Der is altyd tocht dat de stiennen yn 1908 út tsjerke helle wiene. Mar no binne se, mar wol yn stikken, weromfûn.
De grêfstiennen sille restaureard wurde en komme wer, lykas hûndert jier lyn, op de flier te lizzen. July takom jier giet de tsjerke wer offisjeel iepen.