'Jou struisâlt fergees'

© Omrop Fryslân
Gemeentebelangen Heerenveen docht in oprop oan b. en w. fan Hearrenfean om fergees struisâlt oan de ynwenners te jaan. De politike partij hat konstateard dat bûten de haadrûtes yn it sintrum net struid wurdt. Ek de winkelstrjitten binne net skjin. Op keapsnein binne dêrtroch ferskate minsken ûnderút gien.
It struisâlt is neffens Gemeentebelangen op in soad plakken útferkocht. Dêrom soe de gemeente it beskikber stelle moatte.