Hússmoargens wurdt net ophelle

21 des 2009 - 09:47

Yn de gemeenten Skarsterlân, Nijefurd, Weststellingwerf, Dantumadiel en Tytsjerksteradiel wurdt it hússmoargens moandei net ophelle. De jiskemannen kinne mei dit waar net goed harren wurk dwaan.

Yn Dantumadiel wurdt it smoargens ek tiisdei net ophelle. As de kontêner fol sit moatte minsken harren smoargens yn pûden dwaan. Dy wurde dan oer twa wike ophelle. Tytsjerksteradiel sil it hússmoargens nije wike wer ophelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)