Gjin beammen op Oude Koemarkt

29 mrt 2012 - 22:23

Op de Oude Koemarkt yn it sintrum fan It Hearrenfean komme nei de werynrjochting gjin beammen mear te stean. Dat hat it kolleezje fan b. en w. besletten, op oantrunen fan de hoareka-ûndernimmers yn de strjitte. Sy woene graach fan de beammen ôf, omdat it lestich wie om in terras út te setten. Troch de âlde beammen wie it plein hielendal ûnsljocht wurden. Fierder namen de beammen ek de sinne wei.

Der is ek besletten dat der gjin lantearnepeallen komme te stean, de nije lampen komme oan triedden te hingjen.

De ûndernimmers hiene mei âlde foto's oantoand dat der foarhinne ek gjin beammen stiene oan de Oude Koemarkt. Sy binne bliid dat b. en w. no besletten hat dat de beammen net weromkomme. De werynrjochting fan it plein is al geande.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)