Auto te wetter troch glêdens

21 des 2009 - 08:02

Oan de Hitzumerwei by Frjentsjer is sneintejûn in auto yn it wetter rekke. De auto wie troch glêdens op in brêge fan de dyk rekke, hy gie troch de reling hinne en bedarre yn it wetter. De bestjoerster koe sels út de auto komme en mankearde neat.

De swier skansearre auto is út it wetter takele en fuortsleept.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)