Mei drank op achter stjoer

20 des 2009 - 16:34

In 20-jierrige ynwenner fan Aldhoarne hat yn de nacht fan sneon op snein syn rydbewiis ynleverje moatten. De plysje seach him by Aldeberkeap riden en hold him oan. Doe die bliken dat er tefolle alkohol dronken hie.

De man krige in boete en in rydferbod fan seis oeren. Syn rydbewiis waard troch de plysje ynnommen, omdat de man in begjinnend bestjoerder is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)