Van Aalderen achtste op NK

Tessa van Aalderen (foto: Martin de Jong)
Keunstrydster Tessa van Aalderen fan Skarsterbrêge is snein 8e wurden by it Nederlânsk kampioenskip keunstriden yn de kategory novice. Dat binne de famkes oant fyftjin jier. Van Aalderen waard yn Eindhoven njoggende op de koarte kuer en sânde op de lange kuer.
Op beide ûnderdielen helle de fjirtjin-jierrige in persoanlik punterekôr. Ferline jier waard se alfde op it NK. Takom jier giet Van Aalderen oer nei de kategory junioaren. Ek dan sil se op it heechste nivo útkomme.