Portier mishannele yn Ljouwert

20 des 2009 - 15:52

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in 20-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar bedriging en mishanneling fan in portier yn in kafee yn Ljouwert. De man wie efkes dêrfoar troch de portier út'e saak setten omdat er ferfelend west hie.

Bûten pakte de Ljouwerter de portier by de kiel en drige him del te stekken. Dêrnei naaide er út. De plysje wie warskôge en seach de man efkes fierderop sitten. Hy fersette him noch, mar koe dochs oanholden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)