Minder drok by dokterswacht

20 des 2009 - 15:40

Der komme snein minder telefoantjes binnen by de dokterswacht as gewoanwei. Der ha har gjin grutte problemen foardien. Minsken gean leaver net de strjitte op en bliuwe thús. Húsdokters opperje ek om by klachten te wachtsjen oant moandei foar safier dat mooglik is.

Húsdokters sykje minsken wol thús op as it nedich is. Se besykje ek op 'e tiid by de minsken te wêzen. Sneintejûn ride der, yn stee fan fiif, acht fisite-auto's yn de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)