Grutte kâns op wite krystdagen

19 des 2009 - 14:44

We ha dit jier sa goed as wis wite krystdagen yn Fryslân. Dat ferwachtet waarman Piet Paulusma. Der leit al in soad snie en dêr komt sneontenacht en snein ek noch in soad by.

De ferwachting is dat al dy snie net foar de krystdagen fuortteie sil. Wol krysttiid echt 'wyt' neamd wurde, dan moat der beide dagen yn De Bildt in sletten pak snie lizze. Dy kâns is dit jier hiel grut, seit Piet Paulusma. De lêste kear dat der offisjeel wite krystdagen wiene wie yn 1981.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)