Ljouwerter bedrige yn Delfsyl
In 20-jierrige Ljouwerter is freedtejûn yn Delfsyl bedrige mei in mes. De man rûn op De Paap troch in brângong doe't in ûnbekende man him oanspruts. Hy hie in mes yn'e hannen en easke jild fan de Ljouwerter.
De Ljouwerter wist te ûntkommen troch hurd fuort te rinnen. De plysje ûndersiket de saak.