Drankrider botst op auto

Twa drankriders moasten harren rydbewiis ynleverje...
In dronken bestjoerder út Feanwâlden hat sneontemoarn yn syn wenplak in oanriding feroarsake. De man (36) botste op de Juliusstrjitte tsjin in oare auto oan. De man hie gjin jildich rydbewiis en syn auto wie net fersekere. Underweis nei it plysjeburo misledige de man de plysjeminsken. Syn auto is yn beslach naam.
In Jouster (19) moast freedtejûn ek syn rydbewiis ynleverje. Hy siet mei drank achter it stjoer en siet op de Geert Knolwei fêst yn in bulte snie.