Portier mishannelet Drachtster

In 18-jierrige ynwenner fan Drachten is freedtenacht mishannele troch de portier fan in hoarekabedriuw oan de Noardkade yn Drachten. De groep dêr't de jonge by hearde mocht de saak net yn. Doe't ien fan de minsken yn de groep der in opmerking oer makke, waard it slachtoffer troch de portier fêstpakt.
De portier rekke de jonge in pear kear mei de knibbel yn it krús. De plysje ûndersiket de saak.