Stroomsteuring Ferwert

19 des 2009 - 09:25

Ferwert en omkriten hawwe sneontemoarn in oere sûnder stroom sitten. De earste melding kaam krekt foar healwei achten binnen by behearder Liander. Dy hat fuortendaliks monteurs op paad stjoerd, dy't de steuring mei in oere ferholpen hiene.

Wat de oarsaak fan de steuring west hat, is noch net bekend, dat wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)