Stroetinga wint en ferliest

18 des 2009 - 21:22

Arjan Stroetinga kaam freed as winner oer de einstreek fan de earste maraton op natoeriis, mar waard letter diskwalifisearre. Yn Haaksbergen soe Stroetinga yn de einsprint Kurt Wubben hindere ha. De sjuery joech gehoar oan it protest fan Wubben.

Stroetinga, Wubben en Bart de Vries, it broerke fan de winnares by de froulju Elma de Vries, hiene it peloton op twa rûntsjes setten. Yn de finale like Bart de Vries de winst te pakken, mar hy waard krekt werompakt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)