Meiwurkers Qbuzz ûntefreden

18 des 2009 - 21:16

Sjauffeurs en oare meiwurkers fan busferfierder Qbuzz yn Drachten binne hiel ûntefreden en hawwe de direksje in brief stjoerd mei seker fyftjin knipepunten. Sa is der gjin kommunikaasje, is it no noch hieltyd net dúdlik wa't der mei de feestdagen wurkje moat en is der fan alles mis mei de húsfesting no en aanst. Sy easkje in oerlis mei de direksje.

Qbuzz jout ta dat net alles goed giet en dat guon punten bekend binne. Takom wike komt der in oerlis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)