Beneaming Arno Brok definityf
It kabinet yn Den Haach hat freed de beneaming fan Arno Brok as de nije boargemaster fan Dordrecht bekrêftige. Hy folget dêr Ronald Bandell op dy 't mei pensjoen giet.
Brok is no noch boargemaster fan Snits en wie dêrfoar wethâlder yn Ljouwert. Hy giet op 1 febrewaris yn Dordrecht oan 'e slach.