Minder grypprikken troch snie

18 des 2009 - 20:25

Troch de snie is de opkomst by de twadde ronde fan de Meksikaanske gryp faksinaasjes de lêste twa dagen leger as ferwachte. Benammen tongersdei wie de opkomst leech. Op de trije faksinaasjeplakken bleau dy ûnder de 40 persint. Minsken dy't har twadde yninting dizze wike net helje koene, krije op 15 jannewaris noch in kâns.

Op de earste trije dagen fan dizze faksinaasjewike fan de GGD, wie de opkomst mei 65 persint ek al sa'n 10 persint leger as by de earste ronde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)