Sniedrokte by earste help

18 des 2009 - 16:44

De snie makket it wurk fan helpferlieners dizze dagen in stik dreger. Troch de glêdens binne der mear ûngelokken mei auto's. Ek binne der in soad minsken dy't bonken brekke omdat se útglydzje.

De earste help fan it MCL yn Ljouwert hie tongersdeitejûn tweintich ekstra pasjinten troch de glêdens. En nei sa'n drokke dei op it wurk koe ek net elkenien wer nei hûs ta. Fiifentweintich personielsleden ha yn it sikehûs oernachte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)