Rjochtsaak wentoer Wolvegea

18 des 2009 - 15:12

De gemeente Weststellingwerf sleept projektûntwikkeler Komen & Zonen foar de rjochter. De ûntwikkeler wûn yn 2007 in priisfraach foar de bou fan twa wentuorren yn de Lindewyk yn Wolvegea. Probleem is dat Komen & Zonen syn ferplichting om de wentuorren te bouwen net neikomt.

De gemeente is it fertrouwen yn it bedriuw kwyt en seit dat kontrakt no op. Dat betsjut dat der wat nijs betocht en útfierd wurde moat op it plak fan de twa wentuorren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)