Kleurige kij Nij Bosma Zathe

18 des 2009 - 10:58

Op Nij Bosma Zathe by Ljouwert wurdt in proef hâlden mei kleurige beljochting foar kij. Mei lampen yn fjouwer kleuren wurdt besjoen wat it bêste is foar ûnder oare de molkproduksje.

Mei de lampen wurdt der boppedat foar soarge dat de kij sechtsjin oeren op in dei ljocht hawwe en mar acht oeren tsjusternis. De test rint no in pear wiken en ein ferbrewaris, begjin maart moatte de earste resultaten bekend wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)