Saak De Prins tsjin sluting

Stedskantoar
De eigner fan kafee De Prins yn Ljouwert hat in koart pleit oanspand tsjin de gemeente. Dy wol it kafee in moanne lang slute, omdat de eigener ferantwurdlik wêze soe foar de grutte fjochtpartij dy't dit wykein foar de doar fan De Prins wie. Dêrby waarden ek plysjeminsken oanfallen. De eigner fynt lykwols dat er net ferantwurdlik hâlden wurde kin foar wat der bûten syn saak foarfalt.
It koart pleit tsjinnet freed. Mocht De Prins ferlieze dan moat it kafee dyselde jûn al ticht.