Gjin diskobus yn Tsjummearum

Gjin diskobus mear troch Tsjummearum
De diskobus rydt de rest fan it jier net mear troch Tsjummearum. Dat hat Connexxion besletten yn oerlis mei de plysje en de gemeenten Menameradiel en Frjentsjerteradiel. De diskobus, mei de namme Niteliner, rydt alle sneontejûnen tusken Berltsum en Harns.
De lêste wiken binne der ferskate saken yn de bus fernield. Ek waarden by it útstappen yn Tsjummearum fernielings dien. Dêrom giet de rûte no net mear oer dat doarp. Der wurdt noch besjoen hoe't it yn 2010 komt.