Krityk Joop Atsma op KNMI

18 des 2009 - 09:09

CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma wol fan steatssiktaris Huizinga witte wêrom't it KNMI net warskôge hat foar de snie. Partikuliere waarburo's lykas dat fan Piet Paulusma lieten woansdei in berjocht útgean dêr't se yn warskôgen dat dy snie grutte gefolgen hawwe koe foar it ferkear.

Atsma wol witte wêrom't it KNMI dat net die. Hy fynt dat der ôfspraken makke wurde moatte oer it belûken fan partikuliere waarburo's by it ôfjaan fan in waaralaarm.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)