Fibula wie fan keninginne

18 des 2009 - 08:14

De fibula, dy't yn 1952 by Winaam fûn waard, wie net fan in kening mar fan in keninginne. Dat is ûntdutsen neidat yn augustus noch in stikje fan de spjelde fûn waard. Rinze Cuperus fan Boalsert fûn doe it ûnbrekkende part.

Jierrenlang waard tocht dat it om in mantelspjelde fan in kening gie. No docht bliken dat it om in keninginne gie dy't ek prysteres wie fan de oppergod Wodan. De spjelde is, mei it ûnbrekkende stikje, fan dit wykein ôf te sjen yn it Fries Museum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)