Frij rêstich op de diken

17 des 2009 - 20:14

Op de Fryske diken wie it tongersdei nei achten wer frij rêstich. Minsken dy't ûnderweis wiene, hâlden oer it algemien goed rekken mei de omstannichheden. De plysje advisearret minsken om net hurder as 30 of 40 kilometer yn de oere te riden.

Guon frachtautosjauffeurs ride wol te hurd. Om acht oere hinne wiene der al tweintich fan de dyk rekke, ûnder oare by Drachten, by Hoarnstersweach en by Snits. Guon stean dwers op de dyk, oar ferkear hat dêr lêst fan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)