Frachtauto's moatte stadiger

17 des 2009 - 19:51

Plysje en Rykswettersteat jouwe frachtweinsjauffeurs mei klam it advys om dochs foaral stadiger te riden. By de meldkeamer stiet de tillefoan net stil. Der hawwe fyftjin meldings west fan frachtweinen dy't trochdat se te hurd rieden fan de dyk rekke binne.

It gewoane ferkear hâldt him goed oan de snelheid, mar frachtautosjauffeurs ride hurder as ferantwurde is. De ôfrûne nacht en moarn wiene der ek al in soad frachtweinen dy't yn de problemen rekken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)