Oeren ûnderweis troch snie

Minsken wiene tongersdei oeren ûnderweis om thús te kommen
De jûnsspits yn Fryslân hat tongersdei in soad lêst hân fan it waar. Snie en glêdens soargen derfoar dat autobestjoerders oeren ûnderweis wiene fan it wurk nei hûs. Foaral yn Ljouwert stie it ferkear sa fêst as in hûs. Oer stikken dy't gewoanwei yn in kertier te riden binne, diene auto's no bytiden wol twa-en-in-heal oere.
Plysje en Rykswettersteat warskôgje minsken om net de dyk op te gean as it net perfoarst nedich is.