Gjin bussen mear yn Fryslân
Yn hiel Fryslân ride tongersdei gjin bussen mear. Likegoed QBuzz as Connexxion hawwe it busferfier stillein. Der ride noch inkele treinen, mar wol ûnregelmjittich.
Treinen fan Arriva ride oant Snits en oant Harns. De Qliner-bus fan Arriva ried tongersdeitemoarns noch wol, mar letter net mear.