Noch soad snie ferwachte

17 des 2009 - 15:31

Tongersdeitemiddei en -jûn falt der noch in soad snie, ferwachtet waarman Piet Paulusma. It ferkear moat dêr rekken mei hâlde. Op de rykswegen is de tastân noch reedlik, útsein tusken It Fean en Grins op de A7.

Op de provinsjale wegen is de situaasje frij min. Guon wegen binne wol te beriden, mar it ferkear moat de snelheid oanpasse. Probleem is lykwols dat wannear't it ferkear ôfnimt, ek it sâlt op de diken minder goed wurket. Dêrom is it advys net de dyk op te gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)