Chris de Wagt mooglik ferhierd

17 des 2009 - 13:47

De kâns is grut dat Cambuur ferdigener Chris de Wagt de twadde helte fan dit seizoen ferhierd wurdt oan Top Oss. Beide klups binne it al iens oer de betingsten foar de oergong. De Wagt sels hat freed noch in petear mei de Brabanners oer syn persoanlike winsken.

It kontrakt fan De Wagt by Cambuur rint oan de ein fan dit seizoen ôf. Hy wol graach fierder yn it betelle fuotbal en hopet him by Top Oss wer sjen litte te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)