A6 De Lemmer-De Jouwer ticht

De A6 fan De Lemmer nei De Jouwer wurdt tongersdeitemiddei in skoft ôfsletten. Der hat tongersdeitemoarn in ûngemak west mei in frachtwein. De frachtwein rekke fan 'e dyk, nei alle gedachten omdat de sjauffeur te hurd oer de glêde autodyk ried. De frachtwein wurdt mei in kraan fuorthelle.
It ferkear wurdt omlaat oer parkearterrein De Lanen by de Tsjûkemar. De A6 sil oant en mei 15.00 oere ticht wêze, sa is de ferwachting.