Netwurkproblemen oplost
De problemen mei it mobile telefoanferkear binne oplost, sa meldt de plysje. It mobile netwurk drige oerbelêste te reitsjen.
Benammen foar de helptsjinsten wie dat in probleem. Dy brûke datselde mobile netwurk om ûnderling te kommunisearjen.